16 jannewaris, 17:31 • 5 minuten lêstiid
Yn Ljouwert is snein in benefytkonsert foar KiKa. En in dei earder komt brandweerman Sam nei Frjentsjer. It binne in pear fan de aktiviteiten dit wykein yn ús provinsje.
Hjirûnder fynst in seleksje fan wat der allegearre te belibjen falt.
Bernefoarstelling yn Frjentsjer
Brandweerman Sam giet sneontemiddei op aventoer yn De Koornbeurs yn Frjentsjer. Mei syn freonen wurdt er ynskeakele by in syktocht nei in dino-aai.
Wolst der mei de (berns)bern hinne? Brandweerman Sam soe it aardich fine as se ferklaaid as brânwacht of ûndersiker komme. En se kinne ek yn in echte brânwachtauto sjen, dy stiet foar it teater.
Der binne sneon foarstellingen om 13.30 en om 16.00 oere. Kaarten kostje € 22,00, kinst se bestelle fia de webside fan De Koornbeurs.
Manljuskoar yn Drachten
Het Groot Mannenkoor Noord-Nederland is sneontemiddei te finen yn Drachten. En it koar docht syn namme echt eare oan, it hat hast hûndert leden.
Martin Mans is de dirigint fan it koar en ek oargelist en pianist Hugo van der Meij wurket mei.
It optreden is yn tsjerklik sintrum De Oase yn Drachten en begjint om 15.00 oere. Kaarten binne te keap fia de webside fan Martin Mans (€12,50) en oan de seal (€ 15,00).
Nijjierskonsert yn Makkum
Muzykferiening Hallelujah út Makkum fersoarget sneontejûn in nijjierskonsert.
Alle ûnderdielen fan de feriening dogge der oan mei, krekt as in tal lokale talinten en gymnastykferiening DES. De muzyk dy'tst foarbykommen hearst, past by de winter.
It konsert is yn it multyfunksjoneel sintrum yn Makkum en begjint om 19.30 oere. Mear ynformaasje - ek oer de kaartferkeap - fynst op de webside fan Hallelujah.
Konsert yn Dokkum
Yn de Grutte Tsjerke fan Dokkum spilet sneontejûn it Belgyske Trio Maskerade. Op fioele, sello en piano bringe se ûnder oare wurken fan Schubert en Tchaikovsky.
It giet yn Dokkum om in primeur, de trije trede foar it earst mei-inoar op.
It konsert begjint om 20.00 oere, yn de Grutte Tsjerke fan Dokkum. Alfêst kaarten reservearje - se kostje € 10,00 - kin fia de mail.
Top 2000-konsert yn Damwâld
Brassband Ere Zij God fan Damwâld fersoarget tegearre mei de band My old Suitcase in nijjierskonsert yn eigen doarp.
It tema is Top 2000 en der wurdt in ôfwikseljende jûn tasein, mei afterparty en nijjiersbuorrel.
It konsert begjint om 20.00 oere en is yn De Kruisweg yn Damwâld. Kaarten fan € 12,50 it stik kinne besteld wurde de webside fan Ere Zij God.
De natuer yn
De natuerorganisaasjes yn de provinsje hawwe ek foar dit wykein wer in tal aktiviteiten organisearre. Sa kinst mei in boat fan It Fryske Gea sneon De Alde Feanen yn.
In gids fertelt dy ûnderweis mear oer de fûgels dy't op it stuit yn it gebiet sitte.
Snein organisearret Natuurmonumenten in kuier op De Slotpleats yn Bakkefean. Underweis hearst mear oer de skiednis fan it gebiet en oer syn bewenners.
Mear ynformaasje oer dizze en oare ekskurzjes en kuierrûten fynst op de websiden fan It Fryske Gea, Natuurmonumenten en Staatsbosbeheer.
Winterljocht op It Hearrenfean
De reizigjende ljochtrûte Winterljocht docht dizze moanne It Hearrenfean oan.
Organisatoaren Kroft&Smids hawwe neffens eigen sizzen in poetyske rûte útset, dêr'st animaasjes, gedichten, sitaten en filmkes yn tsjin komst.
De rûte is ek nei it wykein te folgjen, dat kin alle dagen oant en mei 26 jannewaris. Yn febrewaris docht Winterljocht Hylpen oan, yn maart Frjentsjer.
Winterljocht op It Hearrenfean is te besjen fan 17.30-22.00 oere. De rûte fan sa'n oardel kilometer is fergees en begjint by it Posthuis Theater. Fynst de rûte en mear ynformaasje op de webside fan Winterljocht.
Mars-lêzing yn Mar & Klif
Altyd al mear witte wollen oer it ûntstean fan Mars, of as dy planeet yn de takomst ek bewenber te meitsjen is?
Justin Bötger fertelt er sneintemiddei alles oer by in lêzing yn Aldemardum. Ek hearst bygelyks mear oer de romtesonden dy't op Mars west hawwe.
Kaartsjes foar de lêzing yn besikerssintrum Mar & Klif kostje € 5,00. Moast dy fan te foaren oanmelde fia de webside fan Mar & Klif. De lêzing begjint om 13.30 oere.
Konsert foar KiKa yn Ljouwert
Trije finalisten fan it SBS6 telefyzjeprogramma The Tribute Battle of the Bands jouwe sneintemiddei in benefytkonsert yn Neushoorn yn Ljouwert.
It giet om The Fortunate Sons, The Eagles Legacy en The Billy Joel Experience.
It konsert wurdt organisearre troch tritich âld-figuranten fan musical De Tocht, dy't har ûnder de namme Iisfretters ynsette foar Stichting KiKa (Kinderen Kankervrij).
Foar € 25,00 kinst nei ien fan de trije optredens, foar € 65,00 nei alle trije. Kaarten binne te keap fia Neushoorn. It konsert begjint om 14.00 oere.
Senioaren sjonge op De Jouwer
Meisjongers yn it Frysk en Nederlânsk komme sneintemiddei foarby yn de Hobbe van Baerdttsjerke op De Jouwer. Dêr wurdt dan wer in edysje fan 'Zingen met senioren' hâlden.
It publyk stiet der net allinne foar, frouljuskoar Brûzenije en muzykferiening Excelsior fan Ousterhaule dogge ek mei. En bist noch gjin senior, dan bist stikem ek wolkom.
'Zingen met senioren' begjint om 15.00 oere, yn de Hobbe van Baerdttsjerke op De Jouwer. De tagong is fergees, der is wol in kollekte foar de makke kosten.
Mear aktiviteitetips
Tips foar aktiviteiten krigest ek alle sneonen yn ús programma Op en Ut, tusken 09.00 en 12.00 oere. En fynst se yn ús kultueraginda.
Wolst ús tippe oer in aktiviteit? Mail dan nei agenda@omropfryslan.nl.
Tips fan de redaksje
Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.